Buma slút wer in drugshûs yn Ljouwert foar trije moannen

18 jun 2021 - 17:48

Boargemaster Buma hat in wenning oan de Cornelis Frederiksstrjitte yn Ljouwert foar trije moannen sletten. Earder dit jier waard yn it hûs in himpkwekerij oantroffen.

Drugspân yn Ljouwert (Argyf) - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De plysje fûn yn april yn it hûs in kwekerij mei hast 600 himpplanten. Ek leine der yn it hûs saken dy't brûkt waarden foar it ferbouwen fan de planten.

Op basis fan de Opiumwet kin de boargemaster sa'n wenning slute. Sokke slutingen moatte neffens de gemeente drugshannel tsjingean en ûnfeiligens foarkomme. Yn 2021 is oant no ta sechstjin kear in wenning of gebou troch de boargemaster sletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)