Bern leare alles oer sikehûs it MCL op de Knuffelpoli

Bern yn de kunde komme litte mei it sikehûs; dat is it idee fan de Knuffelpoli fan it MCL yn Ljouwert. "De moaiste fraach is dochs wol oer it gamen", seit ko-assistint Laura Postma. "Hoe is dat foar dyn holle?"
Digitale knuffelpoli yn MCL
"Goedemorgen allemaal, kunnen jullie mij goed verstaan?" Mei in pear drukken op de knop set Laura Postma de laptop foar har noas op tafel oan. Se hat kontakt mei bern fan trije basisskoallen yn Fryslân. Gewoanwei komme alle bern nei it sikehûs ta, mar no is dat troch it coronafirus net mooglik.

Fragen

Alles bart no digitaal. Klassen mei bern kinne fia Skype ynbelje en fragen stelle oan de maskotte Leeuwi en de ko-assistinte fan it sikehûs. "Je krije dan in hiel oar byld fan wat der libbet ûnder bern", seit Postma.
"Sa stelle sy fragen oer hoe min gamen eins foar je is. Dat is dochs bysûnder, dat soks de bern dwaande hâldt. Der sitte soms sels fragen by dy't we efkes opsykje moatte. Mar gelokkich sit ús maskotte Leeuwi derby, dy kin my dan efkes helpe."
Ko-assistint Laura Postma en maskotte Leeuwi op de knuffelpoli © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Maskotte Leeuwi sit yn in stoel neist Laura. It MCL jout bern somtiden in knuffel mei as se west hawwe. Dy kin dan de stipe wêze yn in drege tiid. Dêr komt de namme Knuffelpoli dan ek wei. "It moaie is wol dat it net allinnich om de bern draait", seit projektlieder Leanne Miedema.
"De ko-assistinten ha der sels ek wat oan. Dy leare omgean mei bern. Hoe moatte je op it nivo fan jongerein prate? Dat is bêst dreech. Je moatte allegearre frjemde fragen ferwachtsje. Dus dat hoopje we ek mei te jaan."
De Knuffelpoli is elk jier. Takom jier is dy mooglik wer fysyk.
Laura Postma en Leeuwi fan it MCL © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op de Knuffelpoli