Radio Oerol yn de tún fan muzykkafee De Vijfpoort

18 jun 2021 - 16:01

Muzykkafee De Vijfpoort is in begryp by Oerol. Mar dit jier gjin 'rock-'n-roll' yn it kafee, want it Skylger festival is digitaal. Boppedat stiet de gemeente noch gjin live-optredens ta. Hielendal rêstich is it lykwols net, want Radio Oerol stiet by it kafee yn de tún foar útstjoeringen.

Radio Oerol yn de tún fan muzykkafee De Vijfpoort

Fêste artyst fan de Vijfpoort is muzikant en kabaretier André Manuel. Hy komt al 30 jier nei Oerol. Ek al is Oerol dit jier digitaal en mei hy net foar publyk optrede, dochs is hy nei it eilân kommen om te repetearjen yn de Vijfpoort. Ek skoot er alle dagen oan by Radio Oerol foar in lyts optreden.

Foto: Omrop Fryslan, Wendy Kennedy

Harkje nei de bydrage fan Wendy Kennedy

(Advertinsje)
(Advertinsje)