Previnsjeteams yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der komt in buertprevinsjeteam yn de Ljouwerter wiken Molenpad en Zeeheldenbuurt. In groep fan tolve frijwilligers docht fan moandei ôf kontrôles yn de buert. De bedoeling is om de wiken skjinner en feiliger te meitsjen. It idee foar it team kaam út in enkête ûnder de bewenners fan de wiken.
It buertprevinsjeteam wurdt stipe troch ûnder oare it wykteam en de plysje. De frijwilligers krije spesjale klean om werkenber harren wurk te dwaan.