Dútslân hellet Fryslân fan list mei risikogebieten

18 jun 2021 - 15:34

Dútslân beskôget de provinsje Fryslân fan snein ôf net langer mear as in risikogebiet mei in soad coronabesmettingen. Wa't út Fryslân nei Dútslan reizget hoecht dan gjin negative test of ynintingsbewiis sjen te litten en de karantêneplicht ferfalt.

Foto: ANP Foto

Ek de provinsjes Grinslân en Seelân binne neffens it Robert Koch Instituut (RKI), it Dútske RIVM, feilich. Foar de oare Nederlânske provinsjes bliuwe de regels noch wol fan krêft.

It Dútske belied waard foar de Peaske oanskerpe fanwege it hege tal besmettingen yn Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)