Tal besmettingen en deistich gemiddelde lyk oan tongersdei

18 jun 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 21 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der likefolle as tongersdei. Doe gie it ek om 21 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike njoggentjin besmettingen deis. Tongersdei lei dat trochsneed ek op njoggentjin, in wike lyn op 34.

De measte nije besmettingen binne freed meld yn de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert mei seis besmettingen. Dêrnei folget De Fryske Marren mei trije besmettingen.

Gjin opnamen en stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 918 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 1.035.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)