Camping Stortemelk nimt bestjoer Sportsintrum Flidunen op Flylân oer

18 jun 2021 - 14:55

It fuortbestean fan it Sportsintrum Flidunen op Flylân is garandearre no't it bestjoer dêrfan troch Stichting Recreatiebelangen Vlieland oernommen is. Dat betsjut dat SRV de kommende fiif jier ek ferantwurdlik is foar it swimbad op it eilân.

Foto: Gemeente Flylân

Stichting Recreatiebelangen Vlieland (SRV) en Flidunen wurken al langere tiid gear. Mei de oername fan it bestjoer is de eksploitant fan kampearterrein Stortemelk no ek ferantwurdlik foar it sportsintrum. Dat is regele yn in oerienkomst dy't de twa ûndertekene hawwe. Der waard al langer in nije partij socht om it sportsintrum draaiende te hâlden.

It sportsintrum bestiet út ûnder oare in fitnessromte, swimbad en in sporthal. De oername fan it bestjoer betsjut dat der no ek personiel útwiksele wurde kin. It úteinlike doel fan SRV is om it sportsintrum oer te nimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)