Oranjegefoel yn Ljouwert: "As we skoare raas ik sa lûd, dat se it fjouwer heech hearre"

18 jun 2021 - 13:20

Nei twa oerwinningen en in plak yn de achtste finale rint de Oranjekoarts stadichoan fierder op, sa die bliken op de Ljouwerter freedsmerk. In frou yn in scootmobyl hie har folslein yn it oranje klaaid, ynklusyf prûk en bril. "Ik fyn it geweldich en ik krij der oek in soad aandacht op. Guster was ik by de Aldi en dêr wu al ien met my op de foto!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ek oaren wiene optimistysk: "We komme yn de finale! It wie eartiids altyd 'aanvalluh!!!', mar no binne we achteryn krekt sterk!" In keapman dy't ek oranje-shirts foar bern ferkeapet, wie út de skroeven: "Ze spelen ijzersterk en het lóópt. Dat maakt mensen enthousiast!"

De beantsje-man tocht dat de oranjegekte mei komt troch de coronakrisis: "Ik ha it gefoel dat no hast alles wer kin en "Na vastzitten is loslopen heel fijn."

'Opvreters'

Oare lûden wiene der lykwols ek: "Dy opvreters, dêr hew ik niks met. Dan mut der weer in fleske cola an de kant, dan hè se weer wat anders. Hou toch op man!"

In frou folle noch oan: "Dy foetballers binne omhoogvallen kwasten. En dy supporters binne krekt skapen, se lope allemaal achter de groep an. Nou, skiet mij mar lek!"

Ynhâldlike krityk wie der ek op it spul: "Dat hâldt noch net oer en dan hiene we allinnich noch mar swakke tsjinstanners. Tsjin Frankryk of Italië sjoch ik it noch net sitten. Mar ja, de bal is rûn no?" De grienteman hie noch in sterk advys om úteinlik kampioen te wurden: "Gewoan alle wedstriden winne....!"

Reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk

Trefwurden: 
fuotbal Oranje freedsmerk EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)