Mei de metaaldetektor by Penjum sykje nei munysje; as tarieding op oanlis wynpark

Yn de omkriten fan Penjum wurdt dizze dagen socht nei eksplosiven út de Twadde Wrâldoarloch. Der moatte kabels lein wurde foar it nije wynpark Nij Hiddum-Houw. Dy kabels komme krekt te lizzen yn in gebiet dêr't yn de neidagen fan de oarloch, by de Wûns-stelling, slim fochten is.
Mei de metaaldetektor by Penjum sykje nei munysje; as tarieding op oanlis wynpark
Bert Veenstra fan Tavela yn Zwolle siket mei in metaaldetektor op de bûtendyk by Penjum. "We ha opdracht krigen om te sjen oft der noch munysje of eksplosiven yn de grûn binne. Der is hjir aardich fochten yn de Twadde Wrâldoarloch. Foar de feilichheid fan dy minsken dy't de kabels lûke moatte, is it wol handich om de berms te trochsykjen."
Der sit in berch rou en fertriet yn de grûn.
Bert Veenstra
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It wurk begjint mei in histoarysk foarûndersyk. "Dat dogge de yngenieurs op kantoar. Se jouwe oan oft in gebiet 'fertocht' is of net. Dat is hjir by de Wûns-stelling wol it gefal, dus dan kom ik hjir te mjitten mei de apparatuer. We sjogge oft der objekten yn de boaiem sitte dy't oerienkomme mei dat wat we sykje. We sykje geskutsmunysje. Dêr moatst net op stjitte. It is makke om út te moardzjen. It wie in oare tiid. Der sit in berch rou en fertriet yn de grûn. It is wol tachtich jier letter mar de bedoeling sit oan de binnenkant. Dat is it eksplosyf om te deadzjen. As dy giet, stean we hjir ferkeard."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie yn Penjum
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ald izer

Hy fynt it moai wurk. "Mar it is ek belangryk wurk. Dat de kabelgravers dy't moarns yn de keet sitte, ek mei syn allen jûns wer nei hûs gean. Dêr soargje ik ek in lyts bytsje foar."
Oant no ta hat er noch gjin eksplosyf fûn lâns de dyk, allinnich noch mar âld izer.