Margreet de Graaf fan de GGD: "It giet goed, mar we moatte wach bliuwe"

18 jun 2021 - 12:42

Al twa moannen op rige rint it tal coronabesmettings yn Fryslân werom. De ôfrûne wike kamen yn ús provinsje 136 besmettingen oan it ljocht, de helte fan in wike lyn. En it tal faksinaasjes dat set wurdt, giet just hieltyd omheech. Reden foar optimisme, ek by it kabinet. Premier Rutte en minister De Jonge kundigje dizze jûn tal fan ferrommingen oan. Margreet de Graaf fan de GGD is optein oer de ûntwikkelingen mar hat ek in oprop oan de jongerein.

Foto: Shutterstock.com / SamaraHeisz5

Hoe komt it dat it tal besmettingen sa hurd omleech giet?

"De faksinaasjekampanje rint hurd mei, it waar docht ek goed mei. En we passe goed op elkoar. Ik bin der bliid mei, mar we moatte wach bliuwe en sjen hoe't it nei de simmer giet." By 4.364 Friezen binne yn de ôfrûne wike coronatesten ôfnommen. Ferline wike wienen dat 5.167 tests. It fynpersintaazje naam fan 4,3 ôf nei 2,6.

Hoefolle prikken binne de ôfrûne wike set?

"Mear as de wike dêrfoar, it wienen der 50.000. We sitte no op hast 400.000 yn totaal. We prikke alle foarried fuort."

Hoe sit it mei de faksinaasjegraad yn Fryslân?

"Foar safier't we dat sjen kinne, is dy heech. We sitte boppe de 80 prosint."

Wat dogge jim mei restfaksins?

"Minsken mei 2003 as bertejier kinne har al oanmelde foar in faksinaasje. Dus de lêste folwoeksenen (18 jier en âlder) wurde útnûge. De restfaksins hoege net mear nei foarrangsgroepen te gean. Wat no oerbliuwt, komt beskikber fia it lanlike inisjatyf prullenbakvaccin.nl. Op dy webside is te sjen wêr't oan de ein fan de dei noch faksins oer binne."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Hoe giet it mei de faksinaasjebus?

"De bus foarsjocht yn in ferlet en de proef wurdt trochset. Benammen minsken dy't noch twivelje oer de prik of mear ynformaasje wolle, gean nei de bus." De bus hat de lêste wiken yn fjouwer plakken stien. Der binne sa'n 400 prikken set.

Wêr ha jim noch noed oer?

"We roppe jongeren op dy't (nei har eksamen) op fakânsje gean yn Súd-Europa om nei thúskomst twa wiken ôfstân te hâlden en har teste te litten by klachten. Dizze groep is noch net faksinearre en nimt it firus mei. Dat seagen we foarich jier ek mei lannen as Spanje en Portugal, doe namen se it firus mei nei Nederlân."

Moatte we benaud wêze foar de deltafariant?

"Dy is noch net yn Fryslân oantroffen, mar wol al yn Nederlân. It giet om de fraach oft minsken sa siik wurde dat de soarch wer ûnder druk komt. It is ferstannich om op te passen. We sitte der net op te wachtsjen om wer op slot te gean. We moatte it goed folgjen bliuwe."

Margreet de Graaf fan de GGD

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)