Elske DeWall sjongt Fryske ferzje fan 'Het Dorp' foar nije Kameleonfilm

18 jun 2021 - 10:12

Sjongeres Elske DeWall hat in Fryske ferzje útbrocht fan it bekende nûmer 'Het Dorp' fan Wim Sonneveld. ''t Nije Doarp' is de titelsong fan de nije Kameleon-film Aan de Ketting!

Foto: De Kameleon Aan De Ketting

De oersetting is makke troch Steven de Jong dy't ek de film regissearret.

'Het Dorp' wie sels ek al in bewurking fan it Frânske liet 'La montagne'. Friso Wiegersma makke de Nederlânske tekst yn 1965. It nûmer stiet al tweintich jier heech yn de Top 2000

Aan de Ketting! is de tredde bioskoopfilm fan Steven de Jong oer de twilling Hielke en Sietse Klinkhamer. Dy film draait ein juny yn de bioskopen. De eardere films kamen út yn 2003 en 2005.

Besjoch de fideoklip hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)