Underwiisbûn nei rjochter foar skorsing learaar fan Tjalling Koopmans College

18 jun 2021 - 09:02

Underwiisbûn AOb stapt nei de rjochter foar de skorsing fan dosint Bert Mul fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. Neffens bestjoerder Marja de Bree fan it fakbûn wurde him anonime ferklearringen oanrekkene dy't yn in artikel stean, wylst hy dat net sein hat.

Bert Mul - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferline wykein is de dosint skorst nei't er him op Omrop Fryslân kritysk útlitten hie oer de skoalle, wêrby't 22 fan de 41 dosinten opstapt binne.

It fakbûn hat de skoalle oproppen de skorsing werom te draaien, mar dêr is gjin reaksje op kaam. Takom wike woansdei is it koart pleit fia in digitale sitting by de rjochtbank yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)