Net oerheid, mar omwenners betinke takomstplan foar feangreidegebiet Hegewarren

18 jun 2021 - 07:46

Der lizze nije plannen foar wat mei it feangreidegebiet by Hegewarren, oan de súdkant fan de Alde Feanen, barre moat. Ynwenners en belutsenen hawwe mear as in heal jier dwaande west op de ideeën op papier te krijen. En dat is bysûnder, want gewoanwei makket de gemeente in plan en net de ynwenners sels.

Hegewarren - Foto: Omrop Fryslân

"Het gebied ligt als een soort badkuip tussen natuurgebieden in. Er zijn meerdere problemen bij de Hegewarren. Er wordt geboerd en daardoor werk je met lage waterstanden", seit ynwenner Nico Tilstra.

"De overheden hebben de omwonenden van het gebied gevraagd om daar een oplossing voor te zoeken. Het gaat om CO2-emissie, want de veengrond verteert, dus breng de waterpeilen omhoog. Door het verteren van die veengrond ontstaat straks een hoogteverschil tussen de omgeving en de Hegewarren van 6 meter. Dat is voor het waterschap niet meer te doen. om droog te houden."

Gemeente en provinsje fregen minsken yn it gebiet om in takomstbestindige oplossing te betinken. "Met een groep van 15 man zijn we aan de slag gegaan en eigenlijk is het best goed geslaagd. Ik was wel verbaasd over het resultaat." De groep hat 4 farianten betocht. "Een daarvan is het gebied onder water zetten, een andere is om de bestaande inrichting te houden met de dijk eromheen en breng alleen het waterpeil omhoog."

Omkearde wrâld

Dat de ynwenners no sels mei in plan komme yn stee fan de oerheid is in oare gong fan saken. "Dat is de omgekeerde wereld. Normaal maakt de overheid een plan en mag je daar op inspreken, maar nu is dat andersom." Der is tasein dat de oerheden ien fan dy plannen oernimme sil. Neffens Tilstra wurke dizze manier wol en kin soks wol wer ris. "Zo weet je in ieder geval dat er draagvlak is en de kwaliteit is zeker niet minder."

Nico Tilstra

Hegewarren - Foto: Provinsje Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)