Cambuurfans binne bliid, mar ek skeptysk oer nije stap yn bou fan stadion

18 jun 2021 - 06:30

Bliid, mar ek skeptysk; sa binne de reaksjes fan de Cambuurfans op it nijs dat boubedriuw Van Wijnen de nije ûntwikkelder wurdt fan it nije stadion foar de Ljouwerter fuotbalklup. De bougroep wol 14 miljoen euro liene fan de gemeente Ljouwert. Cambuur moat sels noch seis miljoen betelje.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Thijs van Beijeren fan supportersferiening Cambuur Culture is posityf oer it nijs. "Hartstikke mooi nieuws en ook wel een opluchting. Hopelijk gaat de gemeenteraad akkoord en dat ze de lening van 14 miljoen euro willen verschaffen. Dan kunnen we erin op 1 augustus 2023." Hy hat der fertrouwen yn dat it goedkomt.

Gerben Reiding fan de Cambuurbar wit net hoe't it komt. De gemeente sit net sa rom by kas. "Ik bin al jierren skeptysk. Oant no ta ha ik gelyk krigen. Ik bin no wer skeptysk. Cambuur hat gjin miljoenen. De gemeente hat gjin miljoenen. No moat in kommersjeel bedriuw miljoenen liene fan de oerheid. Dat fyn ik apart. Finansjeel is it net helber neffens my. Earst mar lekker de earedifyzje yn. Lit de 'benen' mar even sprekke. Sjogge we dan wol wer fierder."

Hendrik Terpstra is syn libben lang al supporter. Hy is posityf. "We gaan van het beste uit. De deur is weer geopend."

Reaksjes fan Cambuurfans

Trefwurden: 
Ljouwert Cambuur stadion fans
(Advertinsje)
(Advertinsje)