Tal besmettingen yn wike wer hast mei helte ôfnaam, wol mear sikehûsopnamen

18 jun 2021 - 06:01

It tal coronabesmettingen is de ôfrûne wike hast wer mei de helte ôfnaam. Yn totaal waarden der 136 besmettingen fêststeld. In wike dêrfoar wiene dat der noch 267. Dat wie ek al in ôfname fan mear as de helte yn fergeliking mei de wike derfoar.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Op de Waadeilannen It Amelân, Flylân, Skylge en Skiermûntseach binne de ôfrûne wiken gjin besmettingen meld. Ek yn de gemeente Achtkarspelen bleau de teller op nul.

Ien stjergefal

Dizze wike is ien persoan ferstoarn as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Weststellingwerf. Yn de ôfrûne wike binne sân minsken opnaam yn it sikehûs. Dat binne der fiif mear as de wike derfoar, doe wiene it der twa.

Risikonivo

Mei it coronadashboard fan de oerheid wurdt om de twa wiken bepaald oft in risikonivo yn in Veiligheidsregio ek feroare wurde moat. Koartlyn sakke it nivo fan Fryslân al fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig.' Dat jildt as der tusken de 100 en de 250 positive testen op 100.000 ynwenners yn de wike fêststeld wurde én as der sprake is fan tusken de 16 en de 27 sikehûsopnamen op 1 miljoen ynwenners de wike.

It risikonivo dêrûnder is: 'zorgelijk.' Dat jildt as der tusken de 35 en de 100 positive testen op 100.000 ynwenners binne yn ien wike en dat it tal sikehûsopnamen tusken de 4 en de 16 op 1 miljoen ynwenners de wike sit. Op 22 juny wurdt bepaald oft de situaasje yn Fryslân ôfskaald wurdt nei 'zorgelijk.'

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Noardeast-Fryslân it heechst. Dêr binne omrekkene 64 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Dêrnei folgje Harns mei 38 en Weststellingwerf mei 35 besmettingen op 100.000 ynwenners.

Hast 44.000 Friezen posityf test

Mei de 136 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 43.751 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje stiet op 477. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus wyksifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)