LEIP!-festival yn augustus earste grutte evenemint by Ljouwerter Aldehou

It LEIP!-festival is it earste grutte evenemint dat wer hâlden wurde kin op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Op 16 augustus is it grutte muzykevenemint op it plein, mei sjongeres Davina Michelle as grutte lûker.
It Into the Grave-festival by de Aldehou yn 2018 © ANP Foto
It festival is it begjin fan de yntroduksjewike foar earstejiers studinten. Minsken dy't der by wêze wolle, moatte in coronatagongsbewiis ha. Der is plak foar seistûzen minsken.
"Dat is iets waar we vorig jaar alleen maar van konden dromen. Ik denk dat het een onvergetelijke ervaring gaat worden, na zo'n lange tijd van afzondering", seit Carin van der Meij, direkteur fan Leeuwarden Student City.