Kabelnoord sjocht ôf fan glêsfezel yn lytse doarpen

17 jun 2021 - 20:47

Kabelnoord sil gjin glêsfezelkabel oanlizze yn de doarpen dêr't al in coax-kabel leit, de saneamde grize gebieten. De kabelbehearder sil him wat dit oanbelanget foarearst beheine ta it bûtengebiet, dêr't allinne ynternet mooglik is fia de telefoan of ADSL, de saneamde wite gebieten.

Gjin glêsfezel yn lytse doarpen:

In pilot-ûndersyk yn it doarp Boksum hat neffens de kabelbehearder oantoand dat hjir net genôch oanslutingen realisearre wurde kinne om de oanlis fan glêsfezelkabel rendabel te meitsjen.

Doarpsbelang Boksum is bot teloarsteld. Neffens bestjoerslid Edzer Kramer hat it doarp te min tiid krigen om alle antwurden en mieningen te sammeljen, wêrtroch't de negative respons beslist net represintatyf is foar it hiele doarp. Kramer tinkt dat de kabelbehearder hielendal net yn Boksum ynvestearje wol en fielt him dêrfoar misbrûkt.

Inkelde meters

Foar Kabelnoord is de útslach fan de enkête, in saneamde fraachbondeling, lykwols wol dúdlik genôch. Neffens direkteur Geelhoed gie it hjirby nammentlik om in pilot-projekt, En dat betsjut dat alle doarpen dêr't kabeltelefyzje en ynternet fia in coax-kabel oanbean wurdt, foarearst fan oansluting op glêsfezelkabel útsletten wurde.

En dat wylst yn de measte gefallen de nije glêsfezelkabel op mar inkelde meters ôfstân fan de huzen fierder leit.

Foto: Omrop Fryslân

Doarpen dy't wol yn mearderheid in foarkar hawwe soene foar oansluting op glêsfezelkabel, mar no ek net yn oanmerking komme, reagearje teloarsteld op it beslút fan Kabelnoord. Neffens Gilbert Valk fan Doarpsbelang Baard is de kwaliteit en snelheid fan glêsfezelkabel folle better as in coax-kabel. Ek al hat in provider as Ziggo okkerdeis noch in opwurdearring realisearre.

Dochs is dit neffens saakkundigen net genôch: "Boppedat hat Ziggo de abonnemintstariven koartlyn wer ferhege sadat it finansjele foardiel yn fergelyk mei oansluting op glêstried ek fuortfalt", seit Valk. Hy soe graach sjen dat Kabelnoord dêrom ek yn doarpen as Baard in represintatyf ûndersyk hâlde soe, om te ûndersykjen oft de oansluting op glêstried as noch mooglik is.

Marzje

Kabelnoord, dy't fan de provinsje opdracht krigen hat om glêskabel yn it bûtengebiet (Waadhoeke, Harns, Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, Smellingerlân en East- en Weststellingwerf) oan te lizzen - en dêr 35 miljoen foar krigen hat - hat lykwols net de plicht om de saneamde grize gebieten ek oan te sluten.

Kabelnoord moat yn it projekt 'Breedband buitengebied' op syn minst 90 persint fan de adressen op de adresselist (boarnelist) oanlizze, mar as de kosten foar bepaalde lokaasjes te heech is, wurde dy binne de marzje fan tsien persint oerslein.

Foldwaande

Adressen mei in coax-kabel binne grize perselen. Foar dizze gebieten is no gjin provinsjale oanpak omdat de ynternetferbining op dit stuit foldwaande is (de Europeeske noarm is 100 mb/s en wurdt troch Ziggo op coax realisearre) en der genôch inisjatyf by ferskate merkpartijen sit om dat de kommende trije jier fierder op te pakken.

Foto: Omrop Fryslân

De provinsje hie oarspronklik Kabelnoord in potsje fan 5 miljoen yn it foarútsicht steld om alle oerbliuwende perselen dy't net oansletten wurde koene, noch wol oan te sluten. Ta de teloarstelling fan Kabelnoord besleat de provinsje yn jannewaris 2021 lykwols dit jild net streekrjocht oan Kabelnoord te gunnen, mar fia in oanbestegingsproseduere iepen te stellen foar de hiele merk.

Op 17 maaie is dit yndied bard. Partijen kinne noch oant 5 july reagearje, wêrnei't de gunning fan de opdracht op 1 septimber plakhawwe sil.

Doarpen

KPN hat yntusken witte litten dat se nei de simmer úteinsette wol mei it oanlizzen fan glêsfezelkabel yn de grize gebieten en hat dêrby yn alle gefallen de doarpen Baard, Bears, Britsum, Koarnjum, Easterlittens, Feinsum, Hijum, Hilaard, Húns, Idaerd, Jirnsum, Jelsum, Jorwert, Lekkum, Mantgum, Alde Leije, Reduzum, Wergea, Warten, Weidum, Wytgaard, Wurdum, Grou en Stiens op it listje stean.

Trefwurden: 
Kabelnoord glêskabel
(Advertinsje)
(Advertinsje)