'Grutte trochbraak' yn bou nije Cambuurstadion: 'Mar it is seker in risiko'

In grutte trochbraak; dat is it nijs dat Van Wijnen de nije ûntwikkeler fan it nije Cambuurstadion wurdt neffens wethâlder Hein de Haan. De gemeente wol de kommende 40 jier in kredyt jaan fan 14 miljoen euro om dat mooglik te meitsjen.
"Dit is heel mooi nieuws", seit De Haan. "Het was ingewikkeld om de financiering rond te krijgen. Daar is het de vorige keer op stukgelopen. Dus alle partijen hebben de afgelopen maanden heel hard en intensief met elkaar gesproken om te kijken hoe je dat wel kan doen. Een onderdeel van die uitkomst is dat de gemeente de subsidie omzet in een lening."

Gemeenteried

De gemeenteried fan Ljouwert moat it plan noch wol goedkarre. "De gemeenteraad is helemaal baas over zichzelf en zo hoort het ook. Maar wij hebben er wel vertrouwen in dat we hier een goed voorstel neerleggen. Wij staan hier achter, hebben hier goed over nagedacht. Het is goed uit te leggen en het zet ook een belangrijke gebiedsontwikkeling in gang", seit De Haan.
"Het verhaal is degelijk en goed, maar het is helemaal aan de raad." Dat sil dan barre op 7 july.
Wethâlder Hein de Haan oer it plan:
It kolleezje nimt wol in risiko mei in liening fan fjirtjin miljoen euro, seit ek wethâlder Friso Douwstra. "Seker is dat in risiko. Dêrom hawwe we der ek moannen oer ûnderhannele om te sjen hoe't we dy risiko's sa beheind mooglik meitsje kinne", seit de wethâlder.

Garânsje

"We krije ek foar in part fan dy liening in garânsje fan Van Wijnen. As de hierynkomsten fan bygelyks Cambuur net genôch binne dat wy dan ek jild fan harren krije", leit Douwstra út.
It risiko is dêrtroch neffens it kolleezje akseptabel. "Dat tinke wy wol, dêrom hat it kolleezje hjoed (tongersdei, red.) ek dat beslút naam. Oars hiene we dat net dien. It is wat oars as yn ien kear in 'gift'. Dat kinne je ek posityf útlizze. Gewoanwei soene we sizze: fiif miljoen euro, asjebleaft. Dan binne we it kwyt. No sizze we: nee, we jouwe in liening. Yn goede tiden komt dy ek wer werom en dêryn sit dan ek wer in rintefoardiel."
Wethâlder Friso Douwstra oer it plan:
Troch de liening fan de gemeente kin Van Wijnen no ynstappe as ûntwikkeler. It bedriuw stie te springen om de taak fan de foarige ûntwikkeler, Wyckerveste, oer te nimmen.

Belangryk

"Doe't Wyckerveste, foar ús in ferrassing, de stekker derút luts om't se it net rûn krije koene, hawwe wy tocht: ferdoarje, dat is wol skande", seit Arjen Oosting, direkteur fan Van Wijnen.
"We witte hoe belangryk it is, foar de klup, foar de gemeente en it hiele gebiet. We wolle it sels ek hiel graach realisearje. Dat hat foar ús de reden west om ús ta it uterste yn te spannen om it foar inoar te krijen", sa seit de direkteur.
It is de bedoeling dat der yn jannewaris fan 2022 úteinset wurdt mei de bou fan it stadion. Yn de simmer fan 2023 soe it dan spylklear wêze moatte. "Der lizze noch wol wat útdagingen", wêrmei't Oosting doelt op ûnder mear de omjouwingsfergunning. "Mar dat is seker helber."
Ferslachjouwer Andor Faber yn petear mei Arjen Oosting