Fryske programmeur Peter Dijkstra nije programmeur by Vera yn Grins

17 jun 2021 - 18:49

It ferneamde poppoadium Vera yn Grins krijt in Fryske programmeur. Peter Dijkstra wie earder aktyf by Asteriks en Welcome to The Village yn Ljouwert en ek by Oerol. No nimt er it stokje oer fan de romrofte Peter Weening, dy't mei pensjoen giet.

Peter Dijkstra yn 2015 yn Noardewyn Live by Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Vera is foar Peter Dijkstra in dreambaan, fertelt er foar Omrop Fryslân radio. Doe't er noch by Asteriks wurke, wie Vera syn grutte foarbyld.

Syn foargonger Peter Weening hat yn de 41 jier dat er by Vera wurke in grutte reputaasje opboud, nasjonaal en ynternasjonaal. Doe't er begûn, wiene der net safolle plakken foar bands om te spyljen. Weening hat earst in skoft as frijwilliger wurke. Letter waard it in betelle baan. Hy gie sels op 'en paad om bands te sjen oft se nijsgjirrich genôch wiene foar Vera.

Nirvana

Vera wie it undergroundpoadium foar Nederlân en miskien ek wol foar Europa, fynt Dijkstra. En it giet noch fierder, want sa is der yn Seattle (USA) in Vera Project nei oanlieding fan de popseal yn Grins. In band as Nirvana hat ek yn Vera spile, foardat se bekend waarden.

Foto: Omrop Fryslân

Dijkstra sil rekken hâlde mei de skiednis fan Vera. Hy sil net alles omsmite en hiel oars dwaan. Moat hy dan nei de coronatiid wer alles opstarte by Vera? Net hielendal, fertelt Dijkstra. In protte útstelde konserten stean noch altyd op it programma. Oan de oare kant stean nije bands te springen om nei de coronatiid te spyljen

De kommende tiid litte Amerikaanske bands Europa foarearst lizze. In Europeeske tour is fanwege corona te ûnwis en te djoer. Sa is krekt bekend wurden dat de Red Hot Chili Peppers net nei Europa komme.

Fryske bands

It sille dan grif net de Chili Peppers wêze, mar Dijkstra ferwachtet dat it begjin takom jier wer begjint te rinnen mei de Amerikaanske bands yn Vera. Oant dy tiid moatte se it dwaan mei Europeeske, Nederlânske en sels Fryske bands. Sa stiet The Homesick út Dokkum op de planning foar 9 oktober. Tafallich is Dijkstra harren manager. Gjin gefal fan 'troch de doar skowe', want de Dokkumers wiene al boekt troch syn foargonger Weening.

The Homesick spilet yn Vera - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Peter Dijkstra Vera
(Advertinsje)
(Advertinsje)