Oerol set keunstners oan it wurk, ek al is der gjin publyk op it festival

Oerol is dan wol dit jier digitaal, dochs binne der keunstners oan it wurk op Skylge. Sa is lûdskeunstner Bouke Groen dwaande foar in nije ynstallaasje dy't takom jier op de Floriade stean sil.
Lûdskeunstner Bouke Groen oan it wurk op Oerol
Oerol fynt it belangryk dat makkers harren ûntwikkelje op lokaasje. Dat is ek wer goed foar it festival.
Groen is twa wike lang oan it wurk yn de bosken fan Formearum. It is foar him in needsaak om op lokaasje nij wurk te ûntwikkeljen.
"Je kunt het tot een bepaalde hoogte ook wel thuis doen. Op een gegeven moment moet je naar buiten toe om te onderzoeken en te testen. Dat kan hier heel goed. Het voelt als een privilege om dat hier te kunnen doen, terwijl Oerol dit jaar niet in het echt doorgaat", seit Groen.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy socht Bouke Groen op