GGD nimt maatregels om coronafaksinaasjeplakken koel te hâlden

De GGD-Fryslân hat fanwege de waarmte maatregels naam op de faksinaasjelokaasjes yn Fryslân. Net allinne foar de minsken dy't faksinearre wurde en foar it personiel, mar ek foar de faksins.
GGD waarmte
Sa is it op it ynintingsplak yn Snits 25 graden. De lokaasje sit yn in gebou mei in plat dak. Yn it gebou stean tydlik twa grutte yndustriële kuolynstallaasjes om de temperatuer noflik te hâlden.
Der binne mear meiwurkers ynhierd sadat elk wat faker om skoft kin om ôf te kuoljen, fertelt GGD-dokter Jeannette Provoost yn Snits. Fierders is der in kuolkast mei wetter foar meiwurkers en foar kliïnten dy't dat wolle.
Dochs wurde út en troch minsken net goed, mei troch de waarmte, neffens de GGD-dokter. Dy litte se efkes gewurde, se wurde rêstich behannele, krije ferkuolling en wetter oant it wer better giet.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De faksins meie net boppe de 30 graden komme. Mei de 25 graden fan no yn Snits giet it noch. As it noch waarmer wurdt, wurkje se mei kant-en-kleare spuiten yn spesjale kuolkastjes. Dy wurde nei it plak brocht dêr't de minsken in ynjeksje krije.
De fiif noardlike GGD-regio's hawwe mei-inoar in hjitteplan makke foar as it noch waarmer wurdt. Yn net alle lokaasjes rint de temperatuer sa heech op. Dat is wakker ûngelyk, seit GGD-dokter Provoost. Sa binne op guon plakken de kuolynstallaasjes net nedich.
Ien fan de twa yndustriële airco's dy't it coronafaksinaasjeplak Snits koel hâlde moatte © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust