Tal coronabesmettingen wer wat omheech, trije sikehûsopnamen

17 jun 2021 - 15:55

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 21 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der sân mear as woansdei. Doe gie it om fjirtjin besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike njoggentjin besmettingen deis. Woansdei lei dat trochsneed noch op 21, in wike lyn op 38.

De measte nije besmettingen binne tongersdei meld yn de gemeente Ljouwert, dêr giet it om sân besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei fjouwer besmettingen.

Trije opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der binne wol trije Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert, in ynwenner fan Harns en in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.086 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 1.106.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus coronasifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)