FIDEO: Presintaasje cd mei dichtwurk Gysbert Japicx op muzyk

17 jun 2021 - 16:00

Komponiste en sjongeres Hiske Oosterwijk brocht tongersdei har nije cd 'Wurden' út. Oosterwijk hat it wurk fan de 17e-iuwske dichter Gysbert Japicx op muzyk set. Yn de Broeretsjerke yn Boalsert liet se om 16.00 oere nije nûmers hearre en har nije fideoklip wie ek te sjen. De presintaasje is hjirûnder werom te sjen.

It wurk fan Hiske is foaral yn it Ingelsk, mar se sjongt ek yn it Frysk en Frânsk. 'Wurden' is har tredde eigen album. "It wie myn dream om artyst te wurden, mar it is sa'n ûnwis fak, dus giest derfoar of net?" fertelt de sjongeres. "Letter wist ik net oft de kombinaasje Frysk en jazz wol sa tûk wie. Mar doe kaam it wurk fan Gysbert op myn paad en koe ik myn dream in rjochting jaan."

Foto: Tom Scheper
(Advertinsje)
(Advertinsje)