Sylboat sinkt by oanfarring op Prinses Margrietkanaal by Warten

17 jun 2021 - 13:36

By in oanfarring op it Prinses Margrietkanaal by Warten is tongersdeitemiddei in sylboat sonken. De boat is oerfearn troch in triuwboat.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De minsken op de sylboat binne mei de skrik frij kaam. It is net dúdlik hoe't de oanfarring ûntstean koe. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

De sylboat is yntusken út it wetter helle. Rykswettersteat meldt dat der gjin sprake is fan hinder foar it skipfeartferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)