Plysje fynt 'de man fan de foto' nei ûngeregeldheden yn bosk fan Aldemardum

In man dy't socht waard nei oanlieding fan ûngeregeldheden yn Aldemardum, hat him by de plysje meld neidat dy in foto fan him publisearre hie. It giet om in 26-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân.
© Noordernieuws / De Vries Media
De plysje hie de man ûnwerkenber yn byld brocht. As hy him net binnen twa wiken meld hie, soe de foto folslein werkenber publisearre wurde.
De man soe wat nei in plysje smiten hawwe, op de jûns fan Keningsdei yn de bosk by Aldemardum. In groep fan tusken de 150 en de 200 minsken hold him dêr doe net oan de coronamaatregels en hie in grut fjoer makke.
Nei yngripen fan de plysje rûn it folslein út de hân.
Doe't de plysje de oanwêzigen opdracht joech om fuort te gean, kearde in groep him tsjin de plysje. Sy smieten ûnder oare mei folle bierfleskes. Ien plysjeman rekke ferwûne en fjouwer plysjeweinen rekken skansearre.
Der binne doedestiids acht minsken oanholden en mei it ûndersyk binne dêr nochris fjouwer by kaam. Neidat de 'fotoman' him meld hie by de plysje, is hy as trettjinde fertochte oanholden.