Van Wijnen ûntwikkelet nij Cambuurstadion mei miljoeneliening fan gemeente Ljouwert

Bougroep Van Wijnen wurdt de nije ûntwikkelder fan it Cambuurstadion, mei in miljoeneliening fan de gemeente Ljouwert. Dat meldt SC Cambuur.
© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer wol de kommende 40 jier in kredyt jaan fan 14 miljoen euro. Cambuur moat dan sels noch seis miljoen euro op it kleed lizze.
De gemeenteried moat noch akkoart gean mei it foarstel. Op 7 july wurdt der oer praat yn de ried.

'Doorbraak'

"Door de afspraken met de gemeente over de financiering van het stadion en de gebiedsontwikkeling is de realisatie van een nieuw voetbalstadion voor Cambuur weer een stap dichterbij", seit direkteur Arjen Oosting fan Van Wijnen.
"De gemeente is blij met deze doorbraak", seit wethâlder Hein de Haan. "Hiermee kan het stadion er komen."

Sinteraasje net rûn

Ein foarich jier seach it der noch nei út dat de hiele bou fan de baan wie. Doe luts ûntwikkelder Wyckerveste him werom, om't se de sinteraasje net rûn krije koene. In nije ûntwikkelder wie der noch net.
Yn Ljouwert wurdt al jierren praat oer in nij Cambuurstadion. De bou hie yn it foarjier fan 2021 begjinne moatten, mar noch altyd is de skeppe de grûn noch net yn.
It is de bedoeling dat de bou fan it fuotbalstadion takom jannewaris fan start giet. Mei yngong fan it seizoen 2023-2024 soe der dan spile wurde kinne.

'Een goed signaal'

"We zijn blij met deze volgende stap", seit direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur. "Er zijn nog hordes te nemen, maar het is een goed signaal en hier kunnen we verder mee."
"De noodzaak die er al was is met de promotie naar de eredivisie alleen maar toegenomen. Wij kunnen niet wachten om straks samen met ROC Friese Poort het nieuwe Cambuurstadion te betrekken."