Skoalle ûntromme om brân yn Easterwâlde

17 jun 2021 - 09:46

Yn Easterwâlde is in skoalle ûntromme nei in brânmelding. Dat meldt de brânwacht. Der soe sprake wêze fan in protte reek. It fjoer is út.

Foto: De Vries Media

Der soe koartsluting west hawwe yn in kontaktdoaze yn it plafond, neffens de brânwacht. Der is gjinien ferwûne rekke, mar der is wol brânskea ûntstien.

It giet om kristlike basisskoalle De Akker. De brânwacht docht dêr in saneamde 'neikontrôle'. De skoalle wurdt fentilearre.

Trefwurden: 
brân Easterwâlde skoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)