Fryske triatlon 'Frysman' by Reaklif giet los: mear as 200 atleten 'staan te trappelen'

17 jun 2021 - 09:10

As de coronamaatregels neffens plan ferromme wurde, is der dit jier wer in Fryske triatlon. Dat meldt de organisaasje fan de Frysman. De kommende edysje stiet pland op 3 july.

Foto: Omrop Fryslan

"Begin juni hebben we na veelvuldig en zorgvuldig overleg met gemeenten, wethouders en burgemeesters groen licht gekregen voor de vergunning. Het heeft flink wat geduld en energie gekost, maar wij zijn er dan klaar voor", meldt de organisaasje.

De Frysman is in triatlon dy't holden wurdt by it Reaklif. Yn 2015 wie de earste edysje. It wie foar it earst dat der in folsleine triatlon yn Fryslân holden waard.

By de Frysman-triatlon moatte de sporters 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en 42,2 kilometer hurddrave. Neffens de organisaasje steane de atleten 'te trappelen'. Der binne mear as 200 ynskriuwingen.

Foarich jier koe de triatlon net trochgean, fanwege it coronafirus. Op eigen manneboet organisearre in oantal atleten doe in 'heale triatlon'.

De lêste kear dat de Frysman holden waard, wie yn 2019. Dirk Wijnalda wûn dy edysje, yn in nij parkoersrekôr fan acht oeren en 53 minuten. It âlde rekôr stie op namme fan Stefan van der Pal.

De organisaasje meldt dat by de edysje fan 2021 gjin publyk wolkom is op it finishterrein, en dat de triatlon allinne trochgean kin as de ferrommingen fan 26 juny trochgeane.

Trefwurden: 
Frysman triatlon Reaklif
(Advertinsje)
(Advertinsje)