Piet Paulusma: No tropysk, en freed 'giet it derom wei' mei hagel en swiere wetteroerlêst

It waar leit der kompleks hinne. Dat seit waarman Piet Paulusma. Neffens him wurdt it tropysk waarm. Freed is der kâns op swiere wetteroerlêst, tonger, en hagel.
© Omrop Fryslân
It KNMI hat foar freedtemoarn koade giel ôfkundige, omdat der tongerbuien komme kinne, mei swiere wynstjitten. "We bliuwe net frij fan buien, de kommende dagen', seit Paulusma.
Tongersdei wurdt it earst "in hite dei". De temperatuer kin yn Fryslân oprinne oant 33 graden. "It wurdt in tige tige waarme dei." Yn it Waad- en kustgebiet is it wat minder hyt, dêr wurdt it sa'n 29 graden. De súdwestewyn soarget foar wat ferkuolling.
Jûns en nachts is der kâns op stevige buien, seit Paulusma. "Dy kâns wurdt stadichoan grutter."
Freed wurdt it opnij in waarme dei, benammen yn it easten fan de provinsje. Moarns soe it wat reine kinne, mar fierder bliuwt it "aardich drûch", seit Paulusma. Jûns en nachts binne der wol buien. Paulusma tinkt dat dêr kâns op tonger is, en soms swiere wetteroerlêst, en hagel. "Dat giet it der om wei, sa't it no liket."