Hûnderten minsken yn Súdwest-Fryslân sûnder stroom

Yn Súdwest-Fryslân ha hûnderten minsken in skoft sûnder stroom sitten. Dat meldt netbehearder Liander. It gie neffens Liander om minder as 700 klanten dy't tongersdeitemoarn gjin stroom krije kinne.
In monteur oan it wurk © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De steuring trof mear as 40 strjitten, yn ûnder oare Wâldsein, Yndyk, Koufurderrige, Smellebrêge, Tsjerkgeast en Ypekolsgea.
Earder melde Liander dat it oant 09:30 oere duorje koe, foardat de stroom it wer die. Om tsien oere hinne wiene der noch tsientallen minsken dy't gjin stroom hiene, neffens Liander. De netbehearder koe net oanjaan wannear't de steuring ferholpen is.
Om healwei tolven hinne wie de steuring oeral oplost.
Op de webside fan Liander wurde minsken dy't lêst ha fan in stroomsteuring oanret om de koelkasten en friezers safolle mooglik ticht te hâlden.