Man oanholden nei brân by dakleaze-opfang Ljouwert

16 jun 2021 - 22:22

By de dakleaze-opfang fan Wender oan de Oostergoweg yn Ljouwert is woansdeitejûn in man oanholden op fertinking fan brânstichting. Troch rap hanneljen fan de brânwacht wie it fjoer by de opfang fluch út. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Foto: AS Media

De fertochte is troch de plysje meinommen nei it plysjeburo om heard te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)