Súdwest-Fryslân ûndersiket útwreiding wenweinpark Snits

16 jun 2021 - 21:23

Gemeente Súdwest-Fryslân set útein mei in helberensûndersyk foar in útwreiding fan it wenweinpark yn Snits, oan de súdkant fan it Zuidersportpark. It giet om in terrein dêr't op dit stuit parkearplakken op lizze. De fraach foar wenromte komt by de wenweinbewenners sels wei. Want foar starters ûnder harren is der wenweinkrapte.

Foto: Google Street View

De gemeente hat foarearst besletten om ûndersyk te dwaan nei wat der wol of net kin. "Op enig moment hebben woonwagenbewoners zich bij de gemeente gemeld om te melden dat zij behoefte hebben aan meer standplaatsen", fertelt wethâlder Mark de Man.

Wenferlet

De bewenners hawwe te krijen mei krapte, sa sizze sy. "Voor jongeren die op zichzelf willen wonen is het moeilijk. Zij moeten bijvoorbeeld noodgedwongen bij familieleden verblijven", jout De Man oan. "De bewoners zijn ook zelf met deze locatie gekomen. Met het onderzoek zullen we kijken hoe we zoiets vorm kunnen geven. En of het een passende locatie is."

Undersyk

Dêr is net mei sein dat de lokaasje perfoarst fol mei weinen komt te stean. "Maar we zien wel dat het parkeerterrein een groot deel van het jaar leeg staat. Daar is eventueel ruimte om in de behoefte te voorzien. Maar nogmaals: het moet zich nog helemaal uitkristalliseren." Sa wurdt bygelyks noch ûndersyk dien nei de lûdsbelêsting, om't de lokaasje by in N-dyk leit.

De Man hopet dat it ûndersyk oan de ein fan it jier klear is, al hâldt er noch wol in slach om 'e earm.

Wethâlder Mark de Man fan Súdwest-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)