Jitse Kramer ferbrekt rekôr deadliften: "Je sitte tsjin it ûntploffen oan"

Jitse Kramer fan Ferwert hat it Nederlânsk rekôr deadlift ferbrutsen mei 420 kilo. Hy wie al hâlder fan de titel, want yn 2019 slagge it him om 413 kilo omheech te krijen. By it deadliften is it de bedoeling om de stange mei gewichten ta de heupen omheech te tillen.
Sterke man Jitse Kramer fan Ferwert © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Hielendal fansels gie it net, fertelt Kramer nei de tiid. "Der wie wat yn de foet dat 'knap' sei. Ik bin trochgien, mar ik moat efkes nei de fysio tink ik. As dat net bard wie, hie ik der miskien in stapke by dwaan kinnen. Mar no net mear. It wrâldrekôr by de 40-plus is 435 kilo. It skeelt mar 15 kilo, dus dat sit net sa fier mear fuort."

Fan binnen siede

It giet der by deadlift om dat je de lilkens nei de spieren stjoere kinne, leit Kramer út. "Je sitte tsjin it ûntploffen oan. Je meitsje jesels hiel lilk, mar je hâlde jesels rêstich. Fan binnen siede je, mar fan bûten sjogge je it net."
Sterke man Jitse Kramer fan Ferwert ferbrekt it Nederlânsk rekôr mei 420 kilo © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Troch de lockdown hie sterke man Jitse Kramer lange tiid gjin wedstriden mear. Op syk nei in nije útdaging, besleat er syn eigen rekôr op it deadliften te ferbetterjen. "Ik doch dit om't ik der goed yn bin. It is moai om wat te dwaan dat in oar net kin."
Sjoch hjir nei de rekôrpoging (fan 1:10:55 ôf):
Foar it echte wurk wie der wol in goeie warming up nedich. Dêr wie ek sterke man Wout Zijlstra by. "Je moatte nei in allemachtichst gewicht ta," fertelde Zijlstra yn 't foar. "Jitse moat soks opbouwe, want je kinne net samar sa'n gewicht tille. Wy binne op 70 kilo úteinset."
Wout Zijlstra en Jitse Kramer oer it nije rekôr