Eaststellingwerf wol gniisgas oan bannen lizze mei OWO-gemeenten

16 jun 2021 - 19:56

Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân moatte it brûken fan gniisgas oanpakke, dat fine it kolleezje en de gemeenteried fan Eaststellingwerf. Yn de ried wie der brede stipe foar it oan bannen lizzen fan gniisgas fia de APV (Algemene Plaatselijke Verordening). Mar dan wol binnen it saneamde OWO-ferbân, dus de trije gemeenten mei-inoar.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It Ryk hat de ferkeap fan gniisgas lanlik net regulearre. Dêrom is it foar no oan gemeenten sels om de ferkeap en it brûken fan gniisgas yn betwang te hâlden.

Boargemaster Harry Oosterman is in foarstanner fan de oanpak yn OWO-ferbân. Hy ferwachtet dat der yn septimber in nij konsept foar de APV by de gemeenten op tafel leit. Dêr kin soks dan yn meinommen wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)