Glemmer Beach Festival giet net troch: noch tefolle ûnwissens

It Glemmer Beach Festival op De Lemmer giet net mear troch. It festival soe fan 19 oant en mei 21 augustus hâlden wurde, mar it wurdt ferpleatst nei 25 oant en mei 27 augustus 2022. Hoewol't der hieltyd mear ferrommingen komme yn de coronamaatregels, binne der neffens de organisaasje noch tefolle saken ûnwis.
Glemmer Beach Festival op De Lemmer © Glemmer Beach Festival
"Er zijn veel risico's en onderwerpen waar rekening mee gehouden moet worden. Met het naderende festivalseizoen is het onduidelijk hoe de situatie zich de komende tijd ontwikkelt", skriuwt de organisaasje efter Glemmer. Sy wolle it publyk it festival biede dat sy fan de organisaasje wend binne.