Feanwâlden bliid mei beslút rjochter oer subsydzje foar nij doarpshûs

16 jun 2021 - 19:08

Nei jierren fan frustraasje is der no blydskip yn Feanwâlden, nei't de rjochter de gemeente Dantumadiel op de fingers tikke hat oer it weromlûken fan in takende subsydzje. Dat jild, mear as in miljoen euro, wie bedoeld foar in nij doarpshûs.

De rjochter is dúdlik, it beslút fan de gemeente wie net terjochte. Dat hâldt yn dat de ferliende subsydzjes yn stân bliuwe en troch de gemeenteried fierder behannele wurde moatte.

"Wy sprongen sprekwurdlik wol wat in gat yn de loft, mar wy moasten ek foarsichtich wêze, omdat yn dyselde útspraak stiet dat de gemeente no oan set is", fertelt foarsitter Roel Dijkstra fan de stichting MFC MynSkip. "De gemeente kin yn heger berop gean by de Ried fan Steat." Dêr hat Dantumadiel seis wiken de tiid foar.

Dialooch mei gemeente

Dijkstra hopet dat it safier net komme sil. "Ik hoopje eins, en it bestjoer mei my, dat de gemeente de dialooch mei ús oangiet. Dat soe nofliker wêze." De stichting soe mei de gemeente prate wolle oer hoe't it nije doarpshûs finansiere wurde kin. "Wy binne noait oan dat soart petearen takaam, om't de gemeente natuerlik gjin kant mear op woe."

Roel Dijkstra, foarsitter fan de stichting MFC MynSkip

Ien fan de partijen yn de gemeenteried fan Dantumadiel dy't harren altyd hurd makke hat foar it MFC, is it CDA. Ek dy is kritysk op de wurkwize fan it kolleezje. Fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser: "Wy ha as foltallige ried, opposysje en koälysje, yn 2017 mar ek begjin 2019 de subsydzjebedraggen beskikber steld. Dêr wiene wy, mar ek it doarp Feanwâlden ôfgryslik bliid mei."

Mei-inoar foarútsjen

De ferrassing en teloarstelling wie grut doe't de subsydzje troch it kolleezje weromlutsen waard. "It hat ek wat mei de betrouberens fan it bestjoer te meitsjen. Wy fûnen it moreel net kinnen", seit Visser. "Wy hoopje dat mei de útspraak fan de rjochter it besef komt, dat we mei-inoar foarút moatte. Dat we efter ús litte wat west hat en dat we foarútsjogge nei wat we no dwaan kinne foar Feanwâlden en it MFC."

Jan Jitse Visser fan CDA Dantumadiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)