De gersdrûgerij yn De Pein komt op stoom

It seizoen foar de drûgerij komt dit jier wat letter op gong, omdat boeren de earste wiken fan maaie it lân net op koene fanwege it wiete waar, de drokte begjint no te kommen.
Gersdrûgerij De Pein komt op stoom
De measte boeren hawwe yntusken de earste snee fan it lân, dy is faak fuortendaalks brûkt foar de eigen kij, omdat der ferline jier troch de drûge simmer minder foarried oanlein wurde koe.

Foar de winter

De twadde snee wurdt no fan it lân helle, dy hat troch it reinwetter en de waarmte fan no in goeie kwaliteit mei in soad aaiwyt. Dit gers giet nei de drûgerij en kin dan fan 't winter fuorre wurde.
Einprodukt fan de gersdrûgerij © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Je wolle graach in aaiwytgehalte fan tusken de 17 en de 20 perinst hawwe", seit bedriuwslieder Ineke Wiegersma. "It measte gers fan de earste snee siet tusken de 13 en 16 persint. De twadde snee liket fan in bettere kwaliteit te wêzen."

Goed seizoen

Wiegersma ferwachtet in goed seizoen. De drûgerij hat sels ek greiden, dêr't sy gers fan helje. Fierder drûgje se ek hieltyd mear luzerne, famylje fan de klaver. Ek dat hat in soad aaiwyt.