FIDEO: lang om let eksamen-útslaggen foar it vmbo
Sy hawwe der lang op wachtsje moatten, mar woansdei ha learlingen op it vmbo ek de útslach fan har eksamens ûntfongen. De learlingen fan it Bogerman yn Snits krigen besite fan de leararen. Dy giene mei campers, cabrio's en auto's by alle eksamenlearlingen del.