SKS-foarsitter: "De grutste dilemma's geane oer it publyk op de wâl"

16 jun 2021 - 17:30

Hoe komt it mei it SKS Skûtsjesilen dit jier? Foarsitter René Nagelhout seit dat it bestjoer noch foar grutte dilemma's stiet. "Wat it wetter oanbelanget sjogge wy net in soad problemen. Mar foar de wâl is it noch hieltyd net dúdlik. Moatte wy it publyk kontrolearje, moatte der tagongstesten komme en sa ja: hoe dan?"

Foarsitter René Nagelhout fan it SKS Skûtsjesilen - Foto: Omrop Fryslân

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen giet der fan út dat der fan 24 july ôf syld wurde kin. "Dy fraach hong hieltyd boppe ús, mar it antwurd wurdt hieltyd dúdliker: dat it kin. In pear wiken lyn hawwe de ynstânsjes oanjûn dat wy de romte krije om it te organisearjen sa't wy it wend binne op it wetter. Dus wy riede ús ta en geane ús gong."

Foarsitter René Nagelhout fan it SKS Skûtsjesilen

Op it wetter binne de risiko's goed behearskber, tinkt Nagelhout. Mar hy seit dat it skûtsjesilen eins twa soarten publyk hat. "Oan de iene kant it publyk dat nei de wedstriden komt mei in boat. En oan de oare kant it publyk dat it skûtsjesilen fan de wâl ôf sjocht."

Wâlsituaasje ûnwis

En foar de wâl is de situaasje dus noch wat ûnwis. "It soe wol in hiel o heden wurde as je alle besikers freegje moatte oft sy test binne of net. Wy wurkje mei frijwilligers. Men is hoopfol, om't de sifers útwize dat it goed giet. Mar it bliuwt wol in fraach. It soe kinne dat wy oproppe om beheind te kommen, of dat wy derfoar soargje dat it beheind tagonklik is."

Gjin festiviteiten yn de doarpen

"Wat wy ús goed realisearje moatte is dat der om it skûtsjesilen hinne fan alles organisearre waard," leit Nagelhout út. "Tink oan de Grouster Skûtsjewike, de Lemster Wike en it Veenhoop Festival. Dy festiviteiten komme der net." De feesten yn de doarpen ûntbrekke.

SKS Skûtsjesilen by Terherne - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mar ek by de SKS sels giet ien en oar net troch. "It feest om de lotting en rûtebesprekking hinne wurdt beheind. De kâns is grut dat wy op it wetter bliuwe. Wy dogge foar no ek gjin priisútrikkingen. Mar docht de kommende wiken wol bliken dat der mear romte komt, dan kinne wy datsoarte aktiviteiten miskien wol wer mear op grien sette. Mar grutte feesten sjoch ik net barren."

Wiidweidiger yn byld by Omrop Fryslân

De wedstriden sels is gjin probleem. "En Omrop Fryslân bringt it dit jier noch wiidweidiger yn byld. Je hoege eins net mear te kommen, je kinne thús of op it terras it skûtsjesilen moai folgje," seit Nagelhout.

(Advertinsje)
(Advertinsje)