Ferlet fan AED's en kursussen by BHV Centrum Friesland nei EK-ynsidint

16 jun 2021 - 16:06

De skrik siet der goed yn sneontejûn op it EK: in spiler fan it Deenske fuotbalteam waard ûnder de wedstriid troffen troch in hertstilstân. Hjirtroch is de fraach nei AED's, ek wol defibrillators, en reanimaasjekursussen bot tanaam. Dat merkt ek BHV Centrum Friesland.

Foto: Omrop, Aise van Beets

Eigener Klaas Bergsma fan it sintrum seit dat it moandei fuortendaalks raak wie. "Via de telefoon en mail kregen we vragen of er cursussen georganiseerd werden, of er AED's konden worden aangeschaft en of er controles konden komen op bestaande AED's. We merkten het zeker. Het zou eigenlijk standaard moeten zijn, maar zo'n incident zet het toch in gang."

Rap hannelje

Op it fuotbalfjild is der neffens Bergsma goed en rap hannele. "Het was een heftig moment, maar het geheel verliep geolied. Er werd heel snel gereageerd op wat er zich afspeelde. De hulp kon niet sneller", seit hy.

Elske Persoon fan HartslagNu Hurdegaryp slút har dêr by oan. It toant mar wer oan hoe wichtich help is. Yn Hurdegaryp is hurd wurke oan sokke needhelp. "Wy hawwe hjir foar eltse bewenner binnen 500 meter in AED hingjen hawwe dy't 24 oeren deis tagonklik is."

AED's en BHV'ers

Der binne njoggen AED's altyd tagonklik, en noch in stik of sân yn bygelyks winkels of bedriuwen. Persoon: "As it bedriuw ticht is, dan kinne je der net mear by. Dêrom hawwe wy der ek foar soarge dat der AED's bûten beskikber binne."

Bedriuwshelpferlieners, oftewol BHV'ers, binne tige wolkom. "Dy kinne it ferskil meitsje by in ynset. Hjir is it foardiel dat der in ambulânsepost hjir yn de buert sit, mar as dy der net is binne BHV'ers tige wichtich. Wy wolle it leafst safolle as mooglik hawwe", seit Persoon.

Ferslachjouwer Gjaldau Sijtsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)