Fûgelbeskerming jout subsydzje oan provinsje foar natuer by Iselmar

16 jun 2021 - 15:29

De fûgelbeskerming krijt gewoanwei subsydzje fan de provinsje Fryslân, mar no is it in kear oarsom. It giet om 650.000 euro dy't Vogelbescherming Nederland fan de Postcode Loterij krigen hat foar it ferbetterjen fan de Iselmarkust. It jild wurdt ynset foar twa projekten: by Teakesyl en de Mokkebank.

It natuergebiet Mokkebank tusken Murns en Laaksum - Foto: Wikimedia Commons

Ek foar deputearre Sander de Rouwe is it in ûngewoane konstruksje: "It is wat nij en frjemd foar ús, mar it is hiel moai dat de provinsje subsydzje krijt fan in stichting dy't mear dwaan wol om fûgels te beskermjen. Sy sizze: oerheden binne no dwaande by de Iselmar, nim no ek dizze projekten fan ús mei."

Iselmar is fergetten

Neffens De Rouwe lit it sjen dat organisaasjes om de Iselmar hinne inoar fine kinne. "De kommende jierren bart dêr in soad. De Iselmar is wolris wat fergetten yn it ferline."

Deputearre Sander de Rouwe

Mar omdat it wetterpeil omheech moat en dat net sûnder gefolgen bliuwt foar de natuer, is der hiel wat yn beweging kaam. Der leit 17 miljoen euro oan oerheidsjild klear foar projekten dy't no al foar in part útfierd wurde. Dêr komt dus noch it bedrach by fan de fûgelbeskerming.

Mokkebank

Dat jild giet foar in part nei it ferbetterjen fan de Mokkebank. It drûge bûtendykske gebiet is op it stuit net hiel ynteressant foar fûgels en fisken, benammen om't der reidlân- en gerslânbehear plak fynt. It is no de bedoeling om der in soart polder fan te meitsjen en it wetter fêst te hâlden op de sânplaat, leit Germ van der Burg fan It Fryske Gea út.

"Benammen mei stoarm en heech wetter bliuwt der dus wetter stean op dy polder en dat makket it ynteressant foar fisken en fûgels om yn te brieden. Dêrmei krije je eins wetterreid", seit Van der Burg.

Eksperts

Mei it jild kinne eksperts by it projekt belutsen wurde. "Dy't mei ús meitinke hoe't we dat systeem, dat úteinlik in keunstmjittich idee is, yn in natuerlik systeem it bêste ûntwikkelje kinne."

Germ van der Burg

(Advertinsje)
(Advertinsje)