Trochsneed tal coronabesmettingen bliuwt sakjen, wol ien stjergefal

16 jun 2021 - 15:24

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 14 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der acht minder as tiisdei. Doe gie it om 22 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wiene der yn de ôfrûne wike 21 besmettingen deis. Juster lei dat trochsneed noch op 23, in wike lyn noch op 41.

De measte nije besmettingen binne tiisdei meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dêr giet it om 3 besmettingen.

Ien stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ek ien Fries mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Yn beide gefallen giet it om in ynwenner fan Weststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 1.040 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 1.179.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)