Ambysjes Stichting Snitswike: 7 dagen, mear fariaasje, ek bûten stêd

In nije Stichting Snitswike moat mei ferskate doelstellingen oan de gong: wichtich is dat de Snitswike yn 2022 werom giet nei 7 dagen. Oerdeis moatte aktiviteiten in breder publyk oansprekke en jûns moat mear fariaasje yn muzyk komme. Net allinne de binnenstêd is yn byld, mar ek eveneminteterreinen bûten de stêd. Organisearjende partijen efter de Snitswike ha woansdei in ambysjedokumint presintearre.
© ANP
It ambysjedokumint is opsteld troch gemeente Súdwest-Fryslân, Stichting Uit in Sneek, Koninklijke Watersportvereniging Sneek, Sneek Promotion en Vereniging Ondernemend Sneek. De nije Stichting Sneekweek moat in koördinearjende rol krije as it giet om programmearring, fergunningen, reklame en it winnen fan fûnsen.

Werom nei in wike

De Snitswike set tenei útein op de earste sneon fan augustus. De Snitswike duorret dus ek echt in wike. Dat is dien om de Snitswike behearskber te hâlden, skriuwe de partijen. Sûnt 2014 duorre it festival 10 dagen, mar dat wurdt no dus wer weromdraaid.
Kertiermakker Esther Poiesz jout oan dat de oerlêst de lêste jierren tanaam: "Uit evaluaties kwam naar voren dat de druk op het tweede weekend groter werd, met meer overlast en incidenten. Daarom hebben we besloten het terug te brengen naar zeven dagen."

Bûten de stêd

De partijen sjogge ek nei oare 'eksterne parten' fan de stêd. It kin dus ek om terreinen bûten de stêd gean, earne oars yn de gemeente of provinsje. Dat wurdt mei dien om de jongelju te sprieden.
Poiesz seit dat de organisaasje dernei sjocht om in 'bepaald muziekaanbod' út de stêd wei te heljen. "Er staat druk op de binnenstad. Het is een evenement in openbare ruimte," seit Poiesz.

Mear ûnderskiedend wurde

Mear ferskaat is miskien wol it wichtichste punt. De Snitswike 'zal onderscheidend moeten zijn ten opzichte van het brede festival aanbod in de Nederlandse vrijetijdsmarkt', skriuwe de partijen. De Snitswike ferskilt op dit stuit noch te min fan oare eveneminten. Der moat dus mear fariaasje yn muzyk en kultuer komme.
Poiesz: "De Sneekweek is voor iedereen, van jong tot oud. Dat betekent dat je andere keuzes moet maken in de programmering."
© ANP
Wichtich is dat der mear ferbining komme moat tusken de wettersport en it fermaak mei de Snitswike.

Knyppunten

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân fûn nei 2018 dat der kritysk nei de organisaasje en opset fan de Snitswike sjoen wurde moast. Yn it ambysjedokumint wurde in tal knyppunten neamd. Der wie te min gearhing yn de programmearring, der soene bredere doelgroepen oansputsen wurde kinne, ynwenners fan Snits hawwe te krijen mei oerlêst troch it festival en de sylwedstriden en festiviteiten yn de stêd moasten mear ferbûn wurde.

Unôfhinklike stichting

Der wie boppedat ferlet fan in ûnofhinklike stichting foar de organisaasje fan de Snitswike. Dêrom hawwe de gemeente en Sneek Promotion yn 2019 advizen ynwûn. Der komt no dus in stichting. Stakeholders bliuwe belutsen by de organisaasje fia in Ried fan Tafersjoch.
Fierder moat de Snitswike yn 2031 folslein sirkulêr wêze en moatte de ûndernimmers yn en om Snits noch mear profitearje fan de tarin ta de stêd.
Kertiermakker Esther Poiesz