Nij ûndersyk nei helberheid en ekonomysk effekt Lelyline: "Hoop op oktober"

16 jun 2021 - 14:57

It Ryk en de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân sille mei-inoar in ferfolchûndersyk dwaan litte nei de helberens en de ekonomyske effekten fan de oanlis fan de Lelyline én de bou fan 220.000 ekstra wenten yn kombinaasje mei dy flugge spoarline. Steatssiktaris Stientje van Veldhoven skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer.

Deputearre Avine Fokkens

Demisjonêr steatssekretaris Van Veldhoven sil sels gjin beslút mear nimme oer de oanlis fan de flugge spoarline fan Lelystêd nei Grins oer It Hearrenfean en Drachten. Dat is neffens har de ferantwurdlikens fan it nije kabinet.

Yn tuskentiid wol sy, yn gearwurking mei de provinsjes, ûndersykje litte oft it wol reëel is om yn kombinaasje mei de Lelyline 220.000 ekstra wenten te bouwen foar it jier 2040.

Wer in ûndersyk

It nije ûndersyk troch in ûnôfhinklik buro moat sa gau mooglik úteinsette en klear wêze foar it bestjoerlik oerlis fan de kommende hjerst oer it ynvestearringsprogramma MIRT dat oer meardere jierren rint. As it ûndersyk op tiid klear is, kinne Deltaplan en Lelyline mooglik ek noch yntsjinne wurde foar it nasjonaal groeifûns.

Hoop op oktober

Deputearre Avine Fokkens hat it folste betrouwen yn it proses en hopet dat it rapport der yn oktober leit. "Er zijn verschillende kansen voor de Lelylijn. Het zou het mooiste zijn als de spoorlijn wordt opgenomen in het nieuwe regeerakkoord, maar het Wopke-Wiebesfonds is ook een optie."

Deputearre Avine Fokkens oer it nije ûndersyk nei de Lelyline

Provinsjale Steaten prate woansdeitejûn foar it earst yn kommisjeferbân oer Lelyline en Deltaplan. Ynset fan de diskusje is om te bepraten hoe't de Fryske befolking it bêste belutsen wurde kin by de ambysjes foar Lelyline en Deltaplan.

Steatediskusje

Guon partijen hawwe muoite mei it rapport Bouwstenen voor het Deltaplan dat út namme fan de noardlike provinsjes nei it Ryk stjoerd is, sûnder dat de Steaten dêr earst ynhâldlik oer diskusjearre hawwe.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)