Twa Friezinnen yn olympyske seleksje, Geurts is reserve

16 jun 2021 - 14:02

Bûnscoach Sarina Wiegman hat twa Friezinnen selektearre foar de Olympyske Spelen yn Tokio. It giet om Sherida Spitse en Sisca Folkertsma. Doelfrou Loes Geurts stiet op de reservelist.

Sherida Spitse - Foto: ANP

It binne gjin ferrassende nammen, de trije Friezinnen spylje al langer foar de oranjefroulju.

Der binne yn totaal achttjin spylsters en fjouwer reserves oproppen yn de olympyske seleksje. Geurts is dus ien fan dy reserves. De reserves meie oproppen wurde as oare spilers útfalle, troch bygelyks in blessuere.

De seleksje waard bekend makke yn in filmke.

It olympysk fuotbaltoernoai begjint foar Oranje op 21 july. Dan is Sambia de tsjinstanner yn de pûl. Fierder treft Oranje noch Brazilië en Sina yn de groepsfaze.

Yn oanrin nei de Olympyske Spelen spilet Nederlân noch in oefenwedstriid tsjin Súd-Afrika.

(Advertinsje)
(Advertinsje)