Earbetoan oan Oerol-grûnlizzer Joop Mulder mei keunstwurk De Streken

16 jun 2021 - 13:53

Oerol betinkt Joop Mulder mei it keunstwurk De Streken. De grûnlizzer fan it festival op Skylge ferstoar begjin dit jier ûnferwachts. It keunstwurk is dizze dagen yn de digitale festivalwike opboud en minsken kinne de hiele simmer by it wurk sjen.

De Streken is in earbetoan oan Joop Mulder

"Joop was de laatste jaren heel erg begaan met Sense of Place. Hoe verbind je de ervaring van het landschap met de gemeenschap en kunst en hoe krijg je daardoor een meerwaarde van het Friese landschap. Dit werk is een mooie uitingsvorm hiervan", fertelt artistyk lieder fan Oerol, Kees Lesuis.

It keunstwurk sil oant en mei septimber lizzen bliuwe. It is de bedoeling dat it alle simmers wer opboud wurdt. Hjirfoar is noch in jildynsammelingsaksje oan de gong. Der is yn totaal 200.000 euro nedich en der is oant no ta 80.000 euro ophelle.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by de opbou fan De Streken

(Advertinsje)
(Advertinsje)