Groepsakkommodaasjes net út problemen nei ferromming coronaregels

Dat groepsakkommodaasjes nei it ferromjen fan de coronaregels wer gasten ûntfange meie, hat ûndernimmers yn dy sektor noch net út de brân holpen. Dat seit Roel Wouda, dy't in groepsakkommodaasje hat yn Appelskea.
© ANP
"It is noch net achter de rêch. We sitte noch yn in drege tiid, omdat der noch in protte groepen binne dy't net fuort doarre mei mekoar", seit Wouda.
Hy hat in swiere tiid hân. Op in bepaald stuit tocht hy der sels oer nei om der mar hielendal mei op te hâlden. "It is hiel frustrearend as je it boek fol ha, en se belje allegearre om te annulearjen. Dêr wurde je net bliid fan."

We moatte fan fier komme

Wouda moat it benammen ha fan skoalreiskes. "Ik tink dat ik foarich jier noch trije skoallen hân ha, yn septimber. We moatte fan fier wei komme."
Wylst de coronamaatregels hieltiten fierder ferromme wurde, rint it by Wouda bepaald noch gjin stoarm. "Ik kin it net presys ynskatte, mar it is noch lang gjin 20 persint. It is noch hiel minimaal."

Geheime skoalreiskes

It komt ek foar dat skoallen ôfsizze, omdat it skoalbestjoer in streek set troch it reiske, seit Wouda. "Dy wolle dan it risiko net nimme." Soms giet it dan noch wol troch, omdat de âlders it op eigen manneboet organisearje, yn it wykein, seit Wouda. It docht him goed.
"It wie stil, en no hearre je wer de stimmen fan de bern. Dêr krijst in goed gefoel by."