Piet Paulusma: Tropyske waarmte en tongerbuien yn oantocht

16 jun 2021 - 12:55

Fryslân moat him klearmeitsje foar tropyske waarmte. Dat seit waarman Piet Paulusma. Der kinne ek tongerbuien komme. Mei de hjitte kin in frisse dûk foar ferkuolling soargje. Op in spesjale webside is te sjen, wêr't dat feilich kin.

Foto: Omrop Fryslân

De tropyske hjitte komt tongersdei. Dan kinne de temperatueren op plakken yn de provinsje oprinne oant 33 graden, seit Paulusma. Yn it Waad- en Iselmargebiet kinne we neffens de waarman troch de súd-súdwestewyn noch wol ferkuolling fine. Dêr soe it tongersdei sa'n 26 of 27 graden wurde.

'Rekôrwaarme' nacht

Woansdei wurdt ek al in 'tige waarme' dei. Dan rinne de temperatueren op oant 28 graden. Op plakken wurdt it dan 18 graden waarmer as it nachts west hat, seit Paulusma. De kommende nacht wurdt 'rekôrwaarm', seit de waarman, mei temperatueren fan 17 of 18 graden. De jûn wurdt 'soel'.

Tongerbuien

De earste tongerbuien ferwachtet Paulusma yn de nacht fan tongersdei op freed, benammen yn it Waadgebiet. Freed kinne der ek stevige buien komme, 'mei flink wat rein'.

De Griene Stjer yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Frisse dûk

Mei it tropysk waarme waar is de ferlieding grut om in frisse dûk te nimmen yn de talrike wetters yn Fryslân. Wêr't dat feilich kin, is te sjen op de spesjale webside zwemwater.nl en yn de swimwetterapp fan de wetterskippen, provinsjes en gemeenten fan Nederlân.

Yn it swimseizoen hifkje de provinsje en it Wetterskip Fryslân de hygiëne en de feilichheid fan alle swimplakken yn Fryslân. "Wy hawwe 52 lokaasjes troch de hiele provinsje dêr't we mjitte. Op fierwei de measte plakken is de kwaliteit gewoan hartstikke goed", seit Otto van der Galiën, deistich bestjoerder by it Wetterskip.

Wettermeunsters

Der wurde wettermeunsters naam, dy't yn in laboratoarium ûndersocht wurde. De resultaten wurde byhâlden op de webside en yn de app. Van der Galiën: "Dêryn kinne je op in kaart sjen wêr't presys de kontrolearre swimwetterlokaasjes binne, wannear't se foar it lêst kontrolearre binne en wannear't de folgjende kontrôle is. En as der wat oan 'e hân is, stiet it der ek by wat der oan 'e hân is."

Blau-alch en giele útslach

Fan it begjin fan it swimseizoen ôf, 1 maaie, wurde de swimwetters ien kear yn de twa wiken kontrolearre. As der wat oan 'e hân is, bygelyks by blau-alch, bart dat faker. "As der oanlieding ta is, by in kalamiteit sa as we lêsten hiene mei dy giele úslach by De Pein bygelyks, dan geane we binnen 48 oeren in herbemeunstering dwaan, om te sjen wat der presys oan 'e hân is", seit Van der Galiën.

As it nedich is, wurdt der in swimferbod ynsteld.

Otto van der Galiën

(Advertinsje)
(Advertinsje)