Petysje 'Aanvalsplan Grutto' mei 86.000 hantekeningen oanbean oan Den Haag

It tal greidefûgels giet hurd efterút. Natuerorganisaasjes en boeren hawwe dêrom in rêdingsplan makke: it Aanvalsplan Grutto. Dat plan is ferline jier al oanbean oan it kabinet, mar echt aksje is der net ûndernaam. De organisaasjes hawwe dêrom in petysje opset, dy't mei mear as 86.000 hantekeningen oan de Twadde Keamer oanbean wurdt.
It Aanvalsplan Grutto is digitaal oerlange:
"Se binne der wol mei dwaande, mar it duorret ús te lang", seit Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie. "We hiene dizze petysje ek wol om fiif foar tolven oanbiede kind."
"Ferline jier wie it in drama, mei predaasje en sa. Dat moat net wer. Der moat perspektyf komme foar boeren dy't mei greidefûgelbehear oan de gong wolle. Dy steane no yn de wachtstân."
Rûchwei komt it Aanvalsplan Grutto der op del dat der 30 grutte greidefûgelgebieten fan sa'n 1.000 bunder komme moatte. En dat moat barre yn de fiif provinsjes dêr't de measte skriezen briede, mei Fryslân yn in haadrol.
De ynrjochting en it behear moatte yngreven oanpast wurde. Boeren yn de gebieten moatte der wis fan wêze dat sy der ek op lange termyn genôch fertsjinje kinne. It tal kij moat oanpast wurde op it lân, sadat der minder yntinsyf buorke wurdt. Iepen greidegebiet mei in heech wetterpeil en krûdryk gerslân dêr't pas let meand wurdt, moat de fûgels mear stypje.
It plan kostet 35 miljoen it jier: dat is twa euro de Nederlanner. Yn Fryslân soe it gean om tsien of alve gebieten.
Tjeerd de Groot fan D66 is ien fan de politisy dy't de petysje yn ûntfangst naam hat. "Het is heel belangrijk dat wij dit gaan doen en het is raar dat provincies en de minister van Landbouw naar elkaar gaan kijken als het gaat over de vraag wie het gaat betalen. Wij vinden als D66 dat het gewoon geregeld moet worden. Want ieder seizoen is weer een verlies voor de 'skries'," sa seit De Groot.

Europeesk jild

Hy hopet dat de minister it plan ynpasse wol yn it Europeesk lânboubelied. "Er zijn mogelijkheden voor om het daaronder te financieren voor meerdere jaren. Nederland krijgt 700 tot 800 miljoen euro per jaar voor het landbouwbeleid. Volgende week is er een debat, dan gaan we de minister vragen om het te regelen. Het landbouwbeleid leent zich ervoor, de hele Kamer staat erachter."
D66-Keamerlid Tjeerd de Groot
© Shutterstock.com (Leo Bucher)