Koudum wrakselet mei eveneminten: "Hekken en BOA's zijn niet werkbaar"

16 jun 2021 - 08:02

Doarpseveneminten lykas de Koudumer muzykjûnen yn de simmer moatte harren oan 'ûnwurkbere' coronaregels hâlde. Dat seit Rob Goedhart fan Commissie Centrium, it bûtenpoadium yn Koudum. By eveneminten moatte gasten in negative test of in bewiis fan faksinaasje sjen litte, mar op sa'n iepen plein as yn Koudum is dat net te dwaan.

Yn de simmer fan 2020 hold eltsenien genôch ôfstân fan inoar - Foto: René Spijkerman

Yn in iepen brief oan it demisjonêr kabinet freget Goedhart no omtinken foar it probleem. "De mensen staan hier echt niet opeengepakt zoals ik op festivals wel eens zie. Vorig jaar hebben we ook zo'n evenement gehad en daar stonden mensen gewoon een paar meter van elkaar af."

Stekken en BOA's

Goedhart fertelt wat it ynhâlde soe as der in evenemint hâlden wurde soe: "Het zou betekenen dat we hier hekken omheen moeten zetten en BOA's moeten inhuren. We hebben al heel weinig geld en dan moeten we al dat geld daar al aan besteden. Dat is niet werkbaar."

Utsûndering

Hy hopet dat der in útsûndering komt foar lytse eveneminten yn doarpen as Koudum. "Ik vind eigenlijk dat het kabinet even moet nadenken. Als je een plek hebt waar maximaal 200 mensen bij elkaar staan, niet opeengepakt, dan zou daar de regel niet moeten gelden dat je getoetst moet worden."

Rob Goedhart fan Commissie Centrium

Op in simmerske jûn komme der yn Koudum faak net mear as inkelde tsientallen minsken byinoar. "We hebben verantwoordelijkheid genoeg. Als het ineens ontzettend druk zou worden, dan stoppen we gewoon. Maar dat gebeurt hier niet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)